Harkemase Boys ferliest mei 3-1 fan ACV

09 sep 2017 - 17:12

Harkemase Boys hat sneontemiddei mei 3-1 ferlern fan en by ACV. De fuotbalploech út Assen kaam al nei 10 minuten op in 1-0 foarsprong troch in doelpunt fan Pascal Huser. Yn de 18de minút foel de 2-0 al, diskear wie it Thomas Metzemaeker fan ACV. Nei in heal oere like it derop dat 'de Boys' werom kamen yn de wedstriid: de ploech krige kâns op kâns, mar hy woe der net yn.

Nei it skoft gie it better oan de kant fan Harkemase Boys: Karel IJzerman makke de 2-1. Yn de 55ste minút moast Guus de Vries fan AVC der mei read ôf. Lang koe Harkemase Boys dêr net fan genietsje, want yn de 62e minút mocht ek Karel IJzerman - de man fan de goal - dûsen gean. Mei tsien tsjin tsien bleau it ploeterjen foar Harkemase Boys en kaam ek noch de 3-1 (troch Romano Djababoe) op it skoareboerd te stean. Sa ferlear Harkemase Boys har tredde kompetysjewedstriid en stapte de ploech fan trainer Henk Herder mei nul punten de bus yn.

Trefwurden: 
Harkemase Boys ACV fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)