Lex Kiewied twadde op crosstriatlon Tri-Ambla

09 sep 2017 - 16:36

Lex Kiewied (36) is twadde wurden op de crosstriatlon op It Amelân, de Tri-Ambla. De Amelanner út Nes einige yn 2.43.29 goed fiif minuten efter Mark Hamersma, dy't ferline jier ek al wûn en mei in tiid fan 2 oeren, 38 minuten en 16 sekonden binnen kaam. Dêrmei wie de regearend Nederlânsk kampioen in minút flugger as ferline jier. Lex Kiewied krûpte fia it 17e plak nei 1,5 km swimmen stadichoan nei foaren. Nei de 35 km mountainbiken stie hy al 9e, en healweis de 12 km hurddraven stie hy tredde. Troch in sterke einsprint wist Kiewied de úteinlike nûmer trije Marc Hulzebos 11 tellen foar te bliuwen.

Kiewied sit ek yn de organisaasje fan it evenemint, dat troch guon minsken ek wol 'de moaiste triatlon fan Nederlân' neamd wurdt. "Ik ben echt superblij met dit resultaat. Ik had dit niet durven hopen", sei Kiewied krekt nei't er oer de finish kaam wie. "Ik heb zilver gewonnen, dit is een topdag."

By de froulju gie de titel nei Sandra Wassink-Hitzert út Nijkerk. Yn 2.59.08 wûn sy foar de fjirde kear op rige it "iepen Amelanner kampioenskip". Silvia Brouwer fan It Hearrenfean waard twadde yn 3.18.31, en tredde waard Klaziena Politiek út Grins.

(Advertinsje)
(Advertinsje)