Spektakelwykein De Tynje set troch mei lytse oanpassings

De aktiviteiten fan it spektakelwykein fan De Tynje geane sneon gewoan troch. Yn ferbân mei it wiete waar hat de organisaasje guon parkearplakken wol ferpleatst. De besikers wurde mei buskes nei it evenemint ta brocht.

Freed hie de organisaasjes ek al rydplaten oanrukke litten om it terrein tagonklik te hâlden en waard de matinee nei it doarpshûs ferpleatst. It spektakel stiet sneon yn it teken fan trekkers. Snein komme de kombines oan by it Nederlânsk Kampioenskip Combineracen.