Bestelbus botst mei auto by Rutten yn de Noardeastpolder

09 sep 2017 - 13:41
De helptsjinsten wiene der gau by - Foto: GinoPress

Krekt bûten Fryslân yn Rutten binne sneontemoarn in bestelbus en in persoane-auto mei-inoar yn botsing kaam. It buske rekke dêrby fan de dyk en bedarre yn de sleat. Neffens tsjûgen binne beide bestjoerders by it ûngelok ferwûne rekke. Yn beide auto´s siet de bestjoerder fêst. Se waarden befrijd troch de brânwacht.

Ek in traumahelikopter waard oproppen om de slachtoffers te helpen. De slachtoffers waarden mei in ambulânse oerbrocht nei in sikehûs. It is noch net krekt dúdlik hoe't it ûngelok barre koe. It gie mis op de krusing fan de Lemsterwei en de Ruttensewei. Op it krúspunt yn kwestje hawwe har neffens omwenjenden al faker ûngelokken plakfûn.

Trefwurden: 
botsing ûngelok
(Advertinsje)
(Advertinsje)