Rispinge foar poatjirappels en sûkerbiten leit stil

De bouboeren hawwe it op dit stuit wol oan tiid om kofje te drinken, want se kinne net mei har swiere masines it lân op. Regiobestjoerder Tineke de Vries fan LTO-Noard neamt de situaasje 'hiel ferfelend, mar noch net dramatysk'. De boeren hawwe noch gjin skea fan al it reinwetter, mar kinne net fierder mei harren wurk. De bouboeren hoopje op hurde wyn en sinne, sadat it lân wer gau opdrûget. De lêste waarberjochten biede de boeren lykwols noch net folle hope.

Omdat it noch mar heal septimber is, is der noch wol tiid foar de boeren om de jirpels en sûkerbiten fan it lân te heljen. "As it begjin oktober noch sa wiet is, dan ha wy in probleem. Dan wurde de dagen koarter en drûget it lân ek minder fluch, mar safier is it noch net. It kin noch goed komme, ik hoopje dat wy yn 'e rin fan nije wike wer oan de slach kinne", seit De Vries.