Dijkhuizen: "We missen een 'over mijn lijk'-mentaliteit"

09 sep 2017 - 12:38

Cambuur-trainer Marinus Dijkhuizen hat de nuvere thúswedstriid fan syn ploech tsjin Jong FC Utrecht belibbe as in 'teleurstellende avond'. Yn de wedstriid makke Jong FC Utrecht flak foar de ein gelyk út in flugge koarte corner. Dijkhuizen hat hjir gjin goed wurd foar oer: "We staan met z'n allen te slapen en komen afspraken niet na. Wij missen op zo'n moment een 'over-mijn-lijk'-mentaliteit." It wie sawiesa in aparte fuotbaljûn, omdat de wedstriid te let begûn fanwege te folle wetter op en ûnder it fjild. Dat de wedstriid útrûn op puntferlies neamt de oefenmaster 'heel vervelend'.

Alvin Daniels skoarde yn de earste helte syn earste goal foar Cambuur, mar stapte likegoed niet bliid fan it fjild. "Ik had liever drie punten gehad. Ik baal verschrikkelijk van die late goal van Utrecht. Het gebeurt in een fractie van een seconde, maar het is heel treurig dat dat kan. Je moet in zo'n geval de wedstrijd gewoon op slot gooien. Het is dan doodzonde dat het toch nog misgaat."

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
(Advertinsje)
(Advertinsje)