Alve persint mear hoteloernachtings yn Fryslan

09 sep 2017 - 12:09
Hotel Post Plaza yn Ljouwert

Fryslân klimt lang om let wer wat út it dal as it giet om it tal hoteloernachtings. Dat sizze de wurdfierders fan it Fryske hoteloerlis. Ut sifers fan it CBS, it sintraal buro fan de statistyk, docht bliken dat it tal oernachtings mei alve persint tanaam is. Neffens Henk Matser fan Van der Valk yn Wolvegea en Snits is it werstel pril en begjint it wer wat op it nivo te kommen fan foar de ekonomyske krisis fan in pear jier ferline. Doe sakke it tal oernachtings bot yn. Dat befestiget ek direkteur Herman Schreuder fan hotel Post Plaza yn Ljouwert. Schreuder seit dat hy de ôfrûne jierren bot profitearre hat fan de eveneminten yn Ljouwert. Sa smiet de Alma Tadema útstalling yn it Frysk Museum ekstra boekings op en ek de festivals yn en om de stêd.

Ek is no al it effekt fan Ljouwert Fryslân 2018 te fernimmen, sa seit Schreuder. "It ekstra omtinken foar de kulturele haadstêd lûkt dúdlik al ekstra minsken nei de stêd." Ek Henk Matser fan Van der Valk sjocht dat effekt: "LF2018 heeft duidelijk een aanzuigende werking. Niet alleen voor Leeuwarden, maar ook voor de omgeving." Hy is dan ek posityf oer de takomst. Matser is mei syn broer ek eigener fan it nije Van der Valk hotel yn Ljouwert. De bou hat wat fertraging oprûn. It soe neffens de plannen begjin oktober iepen, mar oft dat helle wurdt is de fraach. "We moeten er hard aan trekken, maar het doel is om zo snel mogelijk open te zijn. Dan zijn we ruim op tijd klaar voor het jaar van de culturele hoofdstad."

(Advertinsje)
(Advertinsje)