Kollum: "Rients"

09 sep 2017 - 08:49

"Dizze wike ferlear Fryslân en de rest fan it lân in bysûndere man. Rients Gratama. By it selskip fan Tetman de Vries as jongeman syn earste teaterstappen setten, dêrnei yn tal fan foarstellings wrâldferneamd yn Fryslân en dêr bûten wurden. Ach, Rients hat safolle dien en makke dat it hast net te dwaan is en beneam it yn in kollum.

Sels ha ik ien kear de eare hân om as figurant mei te spyljen yn in show fan Rients Gratama en syn libbenspartner Carla van der Heijde. Want as Rients earne wie, luts er de oandacht, ek dizze kear. It wie yn de hjerst fan it jier 2013. Ik hie krekt myn tredde roman skreaun en Rients en Carla brochten it trijetalige berneboek Pien en har spin op de merk. Der waard oarnearre dat it aardich wêze soe as wy mei ús trijen in middei boeken sinjearje soenen yn de doetiids noch besteande boekhannel De Tille oan it Ruterskertier yn Ljouwert.

It wie in moaie middei. Mar al de minsken dy’t de winkel yn kamen, seagen inkeld nei Rients. De man hie groopies. Net sa jong mear, mar wol tige opfallend dat keurige troude froulju it prestearren om op ien middei trije kear yn de boekhannel te kommen mei it ferlechje: ‘Och heden, ik wie hast thús, mar ik wie noch wat fergetten.’ Om dêrnei wer in skoft mei Rients yn petear te gean. Ik seach dat guon der in kleur fan krigen. Der binne ek noch in pear boeken fan my ferkocht, mar dat kaam inkeld trochdat Rients en Carla se oan de man brochten.

In net neier te neamen presintator fan de Omrop kaam ek even te sjen en skode my oan kant omdat er even in foto nimme woe fan de auteur fan it berneboek dat troch Carla prachtich yllustrearre wie, mar ek dy hoegde net op de plaat. Rients wie de stjer fan de middei. En dat wie ek folslein terjochte. Ik ha dy middei de meast moaie ferhalen heard, bin mei in bakje kofje mar wat stil yn in hoekje sitten gien om te besjen hoe’t it is om sa ferneamd te wêzen. Mar as der even gjin minsken wienen, frege Rients my fan alles. Hy wie oprjocht belangstellend oer de meast Frysk eigene saken sa as: Wa bist, wêr komst wei en fan wa bist ien.

No, ik kom út in hûshâlding dêr’t heit en mem faak tegearre by it oargel songen. ‘Dan komt de maitiid’ en mear út it Tetman repertoire. En as der op brulloften en partijen in stikje komme moast, waarden dy skreaun op de meldij fan muzyk út ‘De tiid hâld gjin skoft’. Ik nim oan dat in soad minsken fan myn leeftyd, sa tsjin de fyftich, dit út harren bernetiid herkenne sille. Brulloften yn sealtsjes dêr’t je de reek fan pipen, sigaren en sigaretten snije koenen en geandewei de jûn kaam it momint dat de famylje in stikje die. Soe dat eins noch altyd dien wurde?

Rients lit neist in rige oan konferânses ek in soad muzyk nei. Fan it feestnûmer Jongfolk ha wille oant it prachtige Fytse nei de ein. En wat te sizzen fan Simmer 2000, doe’t hy mei Maaike Schuurmans, De Kast en Piter Wilkens furoare makke mei it programma Simmer Time?

Sa't ik al sei, ik mocht ien kear in tankbere figurant yn in show fan Rients wêze. In jier letter seach ik him by de PC. Hy herkende my, groete en stuts de hân op. Dach, Rients."

(Advertinsje)
(Advertinsje)