Ljouwerter aksje foar Sint Maarten siket opslachromte

De aksje 'LWD helpt St. Maarten' fan Chaka Jean Pierre hat driuwend ferlet fan opslachromte yn de stêd Ljouwert. Chaka wennet op Sint Maarten, mar is yn Ljouwert op besite by har âlders. No't se fanwege de natoerramp op it eilân foarearst net weromreizgje kin, is se yn aksje kaam foar har eilân. Chaka is yn aksje kaam op Facebook en krige al gau fan alle kanten helpmiddels oanbean lykas klean, skuon, handoeken en ruften. Se woe it guod earst opslaan by famylje yn Hallum, mar se krijt no safolle oanbean, dat in gruttere opslach yn Ljouwert handiger is. Minsken dy't opslachromte foar de aksje hawwe kinne kontakt opnimme oer de mail op lwdhelptsxm@gmail.com.

De aksje LWD helpt Sint Maarten makket diel út fan in lanlike aksje fan eilanners yn ferskate grutte stêden. It guod giet mei in frachtwein nei in seekontener, om sa nei Sint Maarten brocht te wurden.

It swier troffen eilân krijt dit wykein te krijen mei de orkaan José. Bewenners op it eilân helje no houten planken út it pún om de ruten fan de huzen dy't noch oerein steane ticht te timmerjen. José is in orkaan fan de fjirde kategoary. De orkaan sil it eilân yn de nacht fan sneon op snein op lytse ôfstân passeare. Trochdat in soad kommunikaasjemiddels op it eilân net wurkje, wite in soad eilanners net iens dat der noch in orkaan oan komt.