Rapport út 2009 skynt nij ljocht op Lelystad Airport

08 sep 2017 - 23:03

Luchtverkeersleiding Nederland (LVNL) joech yn 2009 in negatyf advys oer Lelystad Airport en wiist hjiryn op de problemen fan de lokaasje. Dat makket it telefyzjeprogramma Zembla bekend op de webside. 

Yn Fryslân binne soargen oer Lelystad Airport om't de fleanrûte út Lelystad Airport wei ek boppe de provinsje rinne. Benammen it lege fleanen op dizze rûtes om fleantugen út Skiphol te ûntwiken soarget foar in soad argewaasje. Sa sette de fraksje fan Ooststellingwerfs Belang dizze wike noch in petysje op ynternet om te protestearjen tsjin de fleanrûtes.

It rapport dat de redaksje fan Zembla yn hannen hat, waard net earder publisearre. De LVNL skriuwt yn it rapport dat in weryndieling fan it loftrom nedich is, om't it beskikbere loftrom te lyts is om loftferkear fan en nei Lelystêd yn de takomst 'onbelemmerd, punctueel en betrouwbaar' ôfhannelje te kinnen.

Foar Wim Liesker fan de Wurkgroep Luchtruim Overijssel fielt it oft der gjin iepen kaart spile wurdt oer it hiele ferhaal, seit er tsjin Zembla. "LVNL zegt eigenlijk in dit rapport dat Lelystad Airport niet kan. Ik heb overal gezocht naar dit document, maar het nergens kunnen vinden.'' Johan Weggeman, sekretaris fan de Alderstafel Lelystad, seit lykwols dat it rapport net publisearre is om't it oanlieding west hat foar ferfolchstúdzjes. Dy stúdzjes ha neffens him wer ta nije ynsjoggen en stappen laat dy't meinaam binne yn de Loftromfyzje fan it kabinet yn 2014.

It is de bedoeling dat Lelystad Airport yn april 2019 iepengiet. Tongersdei 4 oktober is der in foarljochtingsjûn foar de ynwenners fan de Súdwesthoeke fan Fryslân oer de gefolgen fan de komst fan it fleanfjild by Lelystêd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)