Cambuur spilet mei 2-2 lyk tsjin Jong FC Utrecht

SC Cambuur hat de wedstriid tsjin Jong FC Utrecht freedtejûn yn Ljouwert mei 2-2 gelyk spile. De wedstriid begûn in healoere letter omdat de keunstgersmatte ûnbespylber wie troch flinke reinbuien. Yn de earste helte wienen der net folle kânsen, mar de Ljouwerters hienen wol it measte balbesit. Nei in healoere liken de gasten te skoaren, mar Cambuur waard in tsjintreffer besparre. Yn de 42ste minút skoarde Alvin Daniels de 1-0, syn earste goal foar de Ljouwerters. Syn bal like net fierder te kommen yn de sechtjin, mar hy krige de bal werom en skeat de bal achter doelman Nijhuis.
Al frij gau yn de twadde helte hie Van Kippersluis de kâns op de 2-0, mar de middenfjilder miste. Even letter krige Boerlage ek in mooglikheid op de 2-0, mar hy skeat de bal sintimeters neist. Yn de twadde helte waard de wedstriid stillein nei't der reek op it fjild kaam fan ien fan de tribunes ôf.
Cambuur moast mei tsien man fierder nei’t Schils in twadde giele kaart krige en dêrmei syn ploech dupearre. Nick Venema makke de 1-1 yn de 75ste minút. De earste kâns foar Utrecht yn de twadde helte waard fuort brûkt. Fjouwer minuten letter brocht Steenvoorden de Ljouwerters wer op foarsprong.
Van der Meer kopte yn de 86ste minút in corner binnen en brocht dêrmei de stân op 2-2. Ek Jong FC Utrecht moast tsjin de ein fan de wedstriid mei tsien man fierder nei in reade kaart foar Ould-Chikh. Yn blessueretiid wie Kip tichteby de 3-2, mar Nijhuis koe de bal op de line keare. Ien punt dus foar de Ljouwerters yn in nuvere wedstriid.