​Grûndepot by Burgum ta natuergebiet ûntwikkele

08 sep 2017 - 22:28

It natuergebiet De Hege Diken oan de eastkant fan Burgum is klear. Jierrenlang brûkte de provinsje it eardere grûndepot foar de oanlis fan de Sintrale As. Ek waard de grûn brûkt foar de realisaasje fan it Wetter- en Wellepark yn Burgum. De grûn komt fan it baggerjen en ferdjipjen fan it Prinses Margrietkanaal 60 jier lyn. No is De Hege Diken dus in natuergebiet en hat it gebiet ek syn âlde namme wer krigen: Noardermar.

Deputearre Johannes Kramer joech freed it behear fan it eardere grûndepot symboalysk oer oan Fûgelwacht Burgum en Steatsboskbehear. "De fegetaasje yn ‘e plassen ûntwikkelet him ûnferwachts posityf en der binne al lytse snoekjes yn ‘e fisktrep sjoen" fertelt deputearre Johannes Kramer. Der is in fûgelsjochhutte boud en der is ek in sweltsjewand.

It nije natuergebiet is ûnderdiel fan ‘e yntegrale fyzje en it saneamde eko-kwadrant; in stapstien foar de ekologyske ferbining tusken De Âlde Feanen en de Burgumer Mar, yn it ferlingde fan de ekopassaazje fan de brêge Burgum en it paludukt.

Trefwurden: 
natuergebiet Burgum
(Advertinsje)
(Advertinsje)