Jierlikse Anita Andriesenlêzing sûnder sprekker

08 sep 2017 - 21:50

By de jierlikse Anita Andriesenlêzing freed kaam de sprekker net opdaagjen. Heechlearaar finansjele geografy Ewald Engelen soe in lêzing hâlde oer duorsume ekonomy, mar hy is sûnder him ôf te melden net nei Fryslân kaam.

De lêzing wurdt alle jierren hâlden yn Restaurant De Zwarte Haan oan de Nije Biltdyk boppe Sint-Anne. It is in inisjatyf fan de Stichting Anita foar Fryslân. Lutz Jacobi wie der ek en se besocht fia Twitter yn kontakt te kommen mei de sprekker. Se hie in oere op it stasjon fan Ljouwert stien te wachtsjen. "Dy man kin net iens de trein fan Amsterdam nei Ljouwert foar elkoar bringe en ek net iens ôfsizze. Sokke professoaren ha we neat oan."

Om de tachtich besikers dochs in moaie jûn te besoargjen, hat de man fan Anita Andriesen (1957-2008) wat ferteld oer de skiednis fan It Bilt.

Trefwurden: 
Anita Andriesen lêzing
(Advertinsje)
(Advertinsje)