Inez Timmer docht nuvere fynst yn Skotske bosken

Swier ûnder de yndruk fan al it moais dat de natuer sjen lit yn Skotlân is Inez Timmer. De sjongeres en teätermakster makket mei har man op de earste fakânsjedei in kuier. Se genietet fan de mei moassen begroeide rotsen en har man makket de iene nei de oare foto. Foar in bettere foto klimt se op in rots om de flitser heech te hâlden. "En dan sjoch ik achter de grutte stien in relatyf nije tupperwaredoaze. Trochsichtich. Heal begroeven ûnder de rots, sloardich achterlitten. Ik beweech him mei de foet. Der sit wat yn. Hoeden, tusken tûme en wiisfinger, til ik him op." Dêr leit wat, seit se tsjin har man. Dy seit dat se it moai lizze litte moat. Nijsgjirrich besjocht se de ynhâld: rûne foarwerpen, wylde sjampinjons miskien? "Mar dan realisearje ik my dat ik wierskynlik in plastic doaze mei drugs yn de hân hâld. Ik mei graach nei Tatort sjen." Se belje de plysje.
It’s a positive
Mei blauwe moffen makket de plysjeman de doaze iepen. Der sitte rûne boltsjes yn, wat brunich, allegear like grut, yn plastic ferpakt. Hy bestudearret sa'n boltsje. "Yes, it’s a positive" seit er yn de walkietalkie. "We ha dus heroïne mei in strjitwearde fan sa'n 10.000 Ingelske pûnen fûn." Letter yn de wike moat se in ferklearring ôflizze op it plysjeburo, der wurde fingerpinten en DNA ôfnommen. "Ik moat earlik bekenne dat ik in pear ûnrêstige nachten hân en oeral wraaksykjende drugsdealers seach. Ien sil grif flink 'pissed off' west ha dat nijsgjirrige fakânsjegongers syn hannel yn de war skopt ha. "These are not nice people" sei de plysje man noch. Mar by Tatort winne dy gasten it ek noait."