Wedstriid SC Cambuur útsteld om ôfkarde matte troch rein

08 sep 2017 - 20:15

De wedstriid SC Cambuur tsjin Jong Utrecht dy't freed om 20.00 oere yn de planning stie, is foarearst útsteld. Skiedsrjochter Oostrom stjoerde beide alvetallen wer nei de klaaikeamers omdat hy it fjild ôfkarde. Troch de enoarme reinbuien is de keunstgersmatte oantaaste. Der soenen bobbels ûnder kommen wêze. It is noch mar de fraach oft de wedstriid wol spile wurde kin.

Meiwurkers besykje it wetter ûnder de middensirkel fuort te krijen. Mei man en macht prikke se der gatten yn. Neffens ferslachjouwer Andor Faber golvet de matte op en del.

UPDATE: De wedstriid sil no om 20.30 oere begjinne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)