FIDEO: Wat foarsizze de kavia's foar SC Hearrenfean?

PSV hat al fiif seizoenen op rige net mear wûn yn it Abe Lenstra Stadion. Mar hoe komt it snein mei SC Hearrenfean? Yn Fryslân Hjoed foarsizze kavia's tenei de wedstriden.
Dr. Pol hellet Foppe en Henk út de kaviabak en Cambuurspiler Jurjan Mannes kiest foar Henk. Dy rint nei wat treuzeljen nei it fakje mei 1-0, dus winst foar de Feansters. De Cambuurspilers sjogge wat sneu nei de útslach...