Noed oer nijbouplan bliuwt by omwenners Aldlânstate

De fjild-byienkomst yn it Ljouwerter Aldlân oer de nijbouplannnen fan Aldlânstate luts freedtemiddei sa'n fyftich buertbewenners en fiif gemeenteriedsleden. Sy makken in kuier om it kompleks en krigen ûnderweis fan ferskate buertbewenners ynformaasje oer de bedrige stedsnatuer yn de wyk. Buertbewenners fan Aldlânstate binne benaud dat der net folle oerbliuwt fan it iepenbier grien lâns it Van Harinxmakanaal as de nijbouplannen fan Aldlânstate trochgeane. Under de kuier waard drok diskusjearre tusken riedsleden en wykbewenners.
Nijbou
Aldlânstate wol takommend jier foar 40 miljoen sa'n 120 nije apparteminten bouwe tusken it âlde Aldlânstate en it kanaal. Neffens direkteur Désirée van Dijk foldocht it besteande Aldlânstate net mear oan de easken fan dizze tiid en moat der om dy reden gau nijbou komme. De direksje wol it nije Aldlânstate achter it besteande gebou delsette, sadat de bewenners oerstekke kinne fan it âlde nei it nije gebou. As it nije gebou klear is, kin it âlde gebou sloopt wurde, sa is it foarnimmen.
Te betiid
De direksje fynt lykwols ek dat de buertbewenners 'te betiid' binne mei harren protest. De plannen foar it nije Aldlânstate binne noch net definityf en der is ek noch gjin boufergunning foar oanfrege. Boppedat hat Aldlânstate mei de gemeente en it wykpanel Aldlân ôfpraat dat besocht wurde sil om 'safolle mooglik' grien te behâlden.
Soargen
De direkte omwenners fan Aldlânstate meitsje harren likegoed grutte soargen oer de nijbouplannen. Njonken it iepenbier grien wurdt neffens wurdfierder Yep Zeinstra ek it buertfjildsje bedrige troch de nijbouplannen. De buert sit ek yn noed oer de ferkearsdrokte dy't it nije kompleks opsmite sil foar de Beatrixstrjitte, in strjitte dy't no ek al in soad slûpferkear lûkt. De oanwêzige riedsleden fûnen it terjochte dat dat de wyk oandacht freget foar it bedrige grien yn de wyk. Gemeenteriedslid Petra Vlutters (PAL/GrienLinks) sei dat se der net yn prinsipe net foar is om grien op te offerjen oan nije apparteminten. Sy wol seker sjen nei mooglike alternativen foar it nijbouplan, as dat yndie yn de besteande foarm yntsjinne wurdt.