Stjerte Swettepoel is grutte klap foar fiskbestân

08 sep 2017 - 19:12
Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

It fiskbestân yn de Swettepoel by Broek hat sa'n swiere klap krigen dat it wol jierren duorje kin foardat it wer op itselde nivo sit. De ôfrûne dagen binne hûnderten kilo's oan deade fisken út de poel helle. Nei alle gedachten binne se deagien troch te min soerstof yn it wetter.

Sportfiskerij Fryslân en Steatsboskbehear besykje dat probleem te ferhelpen troch der soerstofryk boezemwetter yn te litten. Der wurdt no ûndersyk dien nei de definitive oarsaak, sadat soartgelikense situaasjes yn de takomst foarkaam wurde kinne. Der is yntusken in fiskferbod ynsteld.

Trefwurden: 
fiskstjerkte Swettepoel Broek
(Advertinsje)
(Advertinsje)