Anouska Koster wint Ronde fan België

08 sep 2017 - 16:59
Anouska Koster - Foto: Awfoto.nl

Hurdfytster Anouska Koster fan De Westereen hat freed de tredde en lêste etappe fan de Ronde fan België op har namme skreaun. De 24-jierrige Koster wûn troch dizze ritwinst ek it einklassemint yn België. De etappe einige yn Geraardsbergen en wie troch it minne waar hiel selektyf. Foar Koster betsjut dit de earste einwinst yn in rittekoers. Ferline jier waard se noch Nederlânsk kampioen by de froulju.

(advertinsje)
(advertinsje)