FIDEO: Karim Rossi ûntdekt Ljouwert

SC Cambuurspiler Karim Rossi is noch net sa lang yn Ljouwert. Sportferslachjouwer Roelof de Vries naam de 23-jierrige spits mei op in toer troch de Fryske haadstêd. Yn in tsiiswinkel priuwt er Riperkrite. Dêr mei er wol oer. "Very nice." Op strjitte krijt er ek fuort al in tip fan in foarbygonger, dy't hem fertelt wat DKV is, de oare Fryske fuotbalklup, tritich kilometer fierderop.
Se komme by de Doelesteech, goed om te witten as er mei syn maten op stap wol. En fansels kinne de mannen net om de Aldehou hinne. Dat dy toer net rjocht stiet, hie er al heard. "Pretty cool". Ta beslút rinne de mannen in fiskwinkel yn. "Zoute haring" kin Rossi al wol sizze mar hy wol der net in bek op sette. Al hielendal net as er sjocht hoe't soks iten wurde moat.