FIDEO: Unike bylden fan briedend en nijberne dûkerke

08 sep 2017 - 16:30

Bylden fan de berte fan bisten binne altyd bysûnder, mar as it om wetterfûgels giet binne sokke fideo's wol hiel spesjaal. Seker as it dan om in dûkerke giet. Dizze soarte fan de hjerringslynders (fuut) steane der om bekend skriklik skou te wêzen. "Bij het minste of geringste duiken ze onder water", seit Ype van der Werf fan Snits dy't de bylden makke. "De dodaars is een ontzettend schuwe watervogel, dus is het moeilijk te zeggen hoeveel er precies van zijn. Laat staan ze op camera vast te leggen."

De berte fan de dûkerkes fûn ein juny al plak, mar Van der Werf woe de bylden net earder frijjaan, út eangst foar minsken dy't it nêst mooglik opsykje.

Trefwurden: 
fideo dûkerke wetterfûgel
(advertinsje)
(advertinsje)