Kettingseagedriger út sikehûs en no fêst foar ferhoar

08 sep 2017 - 16:25
Foto: Camjo Media

De man dy't sneintemiddei yn Hallum troch de plysje delsketten is omdat er mei in draaiende kettingseage nei de buorlju soe, is ûntslein út it sikehûs. De plysje hat him fêstset foar ferhoar. De man hie spul mei de buorlju en dat wie sa heech oprûn dat er se mei in kettingseage bedrige. De plysje warskôge him in per kear dat er de seage oan de kant dwaan moast, mar dat die er net. Dêrop skeat ien fan de plysjeminsken de man yn syn skonk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)