Streppel: "Heb genoten van mijn ploeg op de training"

SC Hearrenfeantrainer Jurgen Streppel hat in goed gefoel oer de thúswedstriid fan syn ploech tsjin PSV. "Ik heb vandaag genoten van mijn ploeg. De spirit is goed en het loopt goed", sjocht Streppel alfêst foarút.
Streppel miste dizze wike in soad ynternasjonals. Yuki Kobayashi en Reza Ghoochannejhad makken mei Japan en Súd-Koreä bygelyks wer in wrâldreis. "Meestal komt iemand als Reza goed weer terug, maar het is altijd even afwachten. Het kan van invloed zijn op de opstelling." Streppel woe fierder noch net fertelle wa't der spylje. De spilers sels witte dat ek noch net, sei er.
Streppel sil ûnder oare in kar meitsje moatte tusken doelferdigeners Wouter van der Steen en Martin Hanssen. Dy lêste is krekt lyn hierd fan it Dútske Ingolstadt. SC Hearrenfean spilet snein om 12.30 oere thús tsjin PSV. De wedstriid is fia Omrop Fryslân radio te folgjen.