Skylger krijt wurkstraf foar dealen fan kokaïne

08 sep 2017 - 15:37
Drugs - Foto: Omrop Fryslân

In ynwenner fan West op Skylge hat in wurkstraf fan 30 oeren krigen omdat er ien kear yn kokaïne deald hie. De man wie einst in byfangst yn in plysjeûndersyk nei it dealen fan harddrugs op Skylge. Dêrby waarden yn april seis minsken oppakt.

De ynwenner fan West hie ien kear in partij kokaïne ferkocht foar in freon fan him, ien fan de haadfertochten yn dat ûndersyk. Hy erkende by de rjochter dat dat net in tûke set west hie en dat it de earste en de lêste kear west hat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)