5 tips om dit wiete waar te oerlibjen

08 sep 2017 - 15:32

It is wer dy tiid fan it jier (en freed) dat de sinne plak makket foar wolken en dat it dan striemin waar is. Dus wat moatte je dan op sa’n dei eins dwaan, hoe oerlibje dit? en wannear komt de sinne werom? Dat lêste wit Piet wol, mar wy helpe dy de dei wol troch...

Netflix and chill!

Wat is no nofliker dan de hiele dei op ‘e bank te hingjen en in film/searje te sjen? Dat it dan ek nochris striemin waar is, fantastysk! Kombinearje dit mei wat chips en in kola, dan kin de dei net noch minder produktyf.

Brûk it as ekskús

Soest op ‘e fyts nei it wurk? Woest eindelik wer begjinne mei sporten? Moast de hûn útlitte? No dat giet allegear net troch want it is min waar, dus soest nei bûten mar woest net, dan komt dit waar wol goed út.

Sykje de waarmte op

Ast sûn dwaande wêze wolst mar ek wolst genietsje fan dit strieminne waar, sykje dan in iepenloftswembad op. Je wurde dochs al wiet en it wetter is ek nochris hearlik waarm. Hâld der wol rekken mei as it begjint te wjerljochtsjen datst net mear in it wetter bist.

Bak in taart

Dat pak taartbeslach stiet al tiden yn ‘e kast en no is it perfekte momint om dermei oan ‘e slach te gean. Daliks is it beslach ek noch oer de datum hinne, dat soe ek skande wêze. Dêrneist hat Sietske Poepjes elke sneon yn Sneon yn Fryslân in tip foar it bakken fan in taart.

Eins falt it wol mei

It is ek noait goed mei it waar, dan is it wer te hyt en jouwe we dêr tips foar en no is it wer te wiet. Dêrby komt ek noch dat in grut part fan it wetter net iens op dy komt, dus it hie allegearre folle minder kind.

Trefwurden: 
waar rein
(advertinsje)
(advertinsje)