"Wy dronken yn 't skoft gewoan in pilske mei Rients..."

08 sep 2017 - 15:29

Op it ferstjerren fan Rients Gratama komme in soad reaksjes. Kollega's, teäter-direkteuren en oare pommeranten, elk hat wol syn eigen oantinkens oan dizze alsidige Fryske teäter-man. Mar Rients sit ek bot yn it ûnthâld fan 'gewoane Friezen', sa die bliken op de Ljouwerter freedsmerk. "As Rients yn de feesttinte wie, rûn it doarp leech. En yn it skoft kaam er gewoan by ús stean en dan sei er: We moatte earst mar eefkes in pilske ha, no."

Persoanlike oantinkens hie in Burdaarder oan de tiid dat Rients dêr wenne: "It wie altyd gesellich mei him yn it kafee." In Grinzer keapman neamde him in persoanlikheid dêr't it hiele noarden grutsk op wêze koe.

Trefwurden: 
Rients Gratama freedsmerk
(advertinsje)
(advertinsje)