Waadseedyk Flylân foldocht net oan easken

08 sep 2017 - 15:20

De Waadseedyk fan Flylân foldocht net oan de easken. Dat meldt Rykswettersteat. De stiennen dy't op de dyk lizze, soenen net stabyl genôch wêze. Ek is de dyk te leech om hege weagen te kearen as de seespegel tanimt. Trochdat de dyk tusken it doarp en de see leit, is der net in soad romte beskikber foar ferstevigingen.

Rykswettersteat is dwaande út te sykjen hokker stikken fan de dyk ferbettere wurde moatte en hoe't dat it bêste dien wurde kin. Dêrby wurdt ek rekken holden mei it toerisme en it belang fan de dyk foar it oansjen fan Flylân.

Gjin akút gefaar

In wurdfierder fan Rykswettersteat lit witte dat de minsken op it eilân har gjin soargen hoege te meitsjen oer de steat fan de dyk. Der is gjin akút gefaar. It ûnderhâld makket diel út fan it reguliere ûnderhâldsprogramma.

De diken op de oare Waadeilannen binne eigendom fan Wetterskip Fryslân. Op It Amelân wurdt ek wurke oan dykferheging. Dêr wurdt goed 16 kilometer oan diken ferstevige en ferhege. Dat wurk moat yn 2018 klear wêze. Wannear't it wurk op Flylân dien wêze moat, is noch net dúdlik.

(Advertinsje)
(Advertinsje)