Behâldt Aldlân grien of krijt it in nij wenkompleks?

08 sep 2017 - 14:38

Sân partijen út de Ljouwerter gemeenteried komme freedtemiddei op útnûging fan de wyk Aldlân nei it iepenbier grien sjen, dat mooglik takommend jier ferdwynt om plak te meitsjen foar de nijbou fan âldereinsintrum Aldlânstate. It giet om gemeentlik grien en de buert fynt dat dat bliuwe moat.

It nijbouplan bestiet út 120 apparteminten tichteby it Van Harinxmakanaal. In ynvestearring fan 40 miljoen fan in Belgyske ynvestearder. It nijbouplan moat noch de nedige fergunningen krije. De gemeente moat de ôfwaging meitsje oft it in nij wenkompleks wol of dat it in stik grien yn de stêd behâlde wol.

De minsken út de buert ha al in pear jier yn petear mei de gemeente oer it opnij ynrjochtsjen fan it grien oan it Van Harinxmakanaal en hawwe dêr sels ek plannen foar makke. Se hawwe foto's makke fan alderhande fûgels dy't no gebrûk meitsje fan dat stikje grien oan it kanaal. De beswieren libje ek folle breder as de direkte buorlju, want ek it doarp Goutum oan de oare kant fan it kanaal docht mei oan it ferset tsjin de nijbouplannen.

(advertinsje)
(advertinsje)