Postbesoarger FRL Post set fytskoerier yn

08 sep 2017 - 13:54

It is miljeufreonlik en it moat in stik flugger gean as in gewoan buske: de nije fytskoerier fan postbesoarger FRL Post. Neffens it bedriuw is de fytskoerier Date Burgerjon de earste fan syn soart yn Fryslân. Yn grutte stêden yn de Rânestêd wurdt al langer eksperimintearre mei de besoarger op de fyts. Se kinne om de files hinne en troch nauwe steechjes. Dêrnjonken hoecht der gjin laad- en losplak socht te wurden.

Burgerjon sil earst allinnich yn Ljouwert pakketten en spoedpoststikken besoargje. De ferwachting is dat er 95 kilometer deis fytst, en dat 5 dagen yn de wike. Dit betsjut in jiertotaal fan mear as 23.000 kilometer. Dochs is Burgerjon der klear foar. Hy is goed traind en woe ea as lyts jonkje graach profhurdfytser wurde. "Dat is net slagge, mar om dan op dizze wize mei it fytsen it jild te fertsjinjen is ek moai."

(Advertinsje)
(Advertinsje)