Energiewacht Groep Ljouwert wreidet út

08 sep 2017 - 12:20
In tûke stroommjitter - Foto: ANP

De Energiewacht Groep yn Ljouwert wreidet út. Der komme santjin monteurs en trije kantoarmeiwurkers by. Op it stuit wurkje der by de Ljouwerter fêstiging goed fyftich service- en ûnderhâldsmeiwurkers en fiif kantoarminsken.

De nije meiwurkers sille benammen tûke mjitters pleatse yn de provinsje. Dat bart yn opdracht fan trije netwurkbedriuwen. Sa'n tûke mjitter helpt minsken om enerzjy te besparjen. Oan de tûke mjitter is in app keppele dy't ynsjoch jout yn it enerzjyferbrûk.

(advertinsje)
(advertinsje)