Omrop TIP: 'In libben lang teäter'

© Omrop Fryslân
Ofrûne woansdei 6 septimber is teätermakker Rients Gratama op 85-jierrige leeftiid stoarn. Snein 10 septimber stjoert Omrop Fryslân in petear út mei Gratama dat programmamakker Annet Huisman nei oanlieding fan syn tachtichste jierdei makke. Dat programma is fan 13.00 oere ôf op telefyzje te sjen.

Geraniums of Gladioalen

Op 24 jannewaris 2012 waard Gratama 80 jier. Dat wie ek de dei dat syn lêste grutte foarstelling ‘Geraniums of Gladioalen’ yn premjêre gie. Gratama gie gewoan stadich troch, syn aginda hie yndertiid net in soad lege siden. Hy hie altyd wat te fertellen en de oanstriid dat op it poadium te bringen.

Bûtenkategory artyst

In bûtenkategory artyst; dat wie Gratama, mei in útwrydske karriêre en in trou publyk. Kleinkunst, kabaret, aktearje, skriuwe, lesjaan en presintearje: alles like belangryk foar him. Yn in petear mei Gratama gie Huisman yn 2012 op syk nei oft dat ek wier sa wie. En wat hat dat alles him brocht? Wie it ek wolris dreech of iensum bygelyks? Hjiroer praat Gratama yn ‘Werom sjen op in libben lang teäter’ nei oanlieding fan filmfragminten, op it poadium fan it Posthuis Theater.
'In libben lang teäter' is op snein 10 septimber fan 13.00 oere ôf te sjen op telefyzje. Op www.weromrop.nl, de webside mei it fideo-argyf fan Omrop Fryslân, binne ferskate útstjoerings mei en oer Gratama werom te sjen. Lykas it iepenings- en slotkonsert fan Simmer 2000, in ôflevering fan Van Tuinen Thús en in trijelûk út 1997 oer syn karriêre.