Hûnderten kilo's deade fisk fûn yn Swettepoel

08 sep 2017 - 11:36

Yn it wetter fan de Swettepoel by Broek (De Jouwer) is goed 400 kilo deade fisk oantroffen. It giet om karpers, snoekbears, brazem, iel, moannekarpers en wytfisk. Wetterskip Fryslân docht ûndersyk nei de oarsaak fan de fiskstjerte. Der wurde wettermeunsters naam. Der binne al tsientallen grutte amers fold mei de deade fisk.

Mooglik binne de fisken deagien troch al it reinwetter dat der de ôfrûne dagen fallen is. De fisken krije dan te min soerstof. Der binne buorden pleatst mei dêrop de meidieling dat der foarearst net fiske wurde mei yn de Swettepoel.

Pine yn 't hert

Harrie Holtman fan Sportfiskerij Fryslân wie freedtemoarn by de Swettepoel. "Het is verschrikkelijk om te zien. We gaan met veel liefde om met de karpers. Als je ze dan met groten getale dood op de kant ziet liggen, doet dat pijn aan je hart. Al met al is het voor de sportvisser een trieste week. We constateren dat het nog niet eerder is gebeurd in dit meer.''

Henk Jan van der Veen fan Staatsbosbeheer seit: "Het is een ongelukkige samenloop van omstandigheden. We gaan iedere dag kijken of er dode vissen bijkomen. We hebben tientallen kuipen met dode vis uit het meer gehaald. Je staat er met tranen in de ogen.''

(Advertinsje)
(Advertinsje)