Arrestant Skrâns Ljouwert wie fjoerwapengefaarlik

08 sep 2017 - 11:12
Foto: Screenshot Twitter @Galdiano058

Dat de plysje tongersdeitejûn op de Skrâns yn Ljouwert mei lutsen pistoalen twa manlju út in auto helle hat, wie omdat ien fan har fertocht wurdt fan in ynsidint. De plysje wol net sizze wat foar ynsidint. De fertochte stie te boek as fjoerwapengefaarlik en dan mei de plysje op dizze wize optrede. Hielendal as it op in drok plak is sa as de Skrâns. De plysje hat de fertochte fêstset. Dy hie trouwens net in fjoerwapen by him.

(advertinsje)
(advertinsje)