Omrop TIP: De Admiraliteitsdagen rjochtstreeks folgje

In ympresje fan de Admiraliteitsdagen yn Dokkum © Marit Anker
Dit wykein stiet Dokkum yn it teken fan de Admiraliteitsdagen en fansels is Omrop Fryslân dêrby. Mei ûnder oare Noardewyn live dat spesjaal foar it barren, op De Markt yn Dokkum plakfynt. De absolute publykslûkers fan de Admiraliteitsdagen binne de konserten op freed- en sneontejûn yn de Dokkumer binnenstêd.
Op freed fynt it muzykspektakel de 'Night of the Praams' plak. Op dy jûn trede ûnder oaren Sharon Doorson en Xander de Buisonjé op. In dei letter steane artysten lykas Jeroen van der Boom, Nielson en Miss Montreal op it poadium dat boppe it wetter oan De Syl pleatst is.
Wa't net by de Admiraliteitsdagen wêze kin, hoecht ek thús neat te missen fan wat der dit wykein yn Dokkum bart: de konserten wurde yn gearwurking mei RTV NOF en RTV Kanaal 30 rjochtstreeks útstjoerd op ynternet by Omrop Fryslân, op beide dagen fan 20.30 oere ôf. Noardewyn live is, lykas alle freeds, fan 13.00 ôf op radio en telefyzje by Omrop Fryslân.
De livestreams fan de Admiraliteitsdagen binne op freed 8 septimber en sneon 9 septimber fan 20.30 oere ôf by Omrop Fryslân op ynternet te folgjen. Noardewyn live is op freed 8 septimber fan 13.00 oere ôf by te wenjen yn Dokkum of op alle kanalen fan Omrop Fryslân.