Twa auto's botst

28 okt 2011 - 19:21
Foto: Omrop Fryslân

By in oanriding op de Westerdyk yn Ryptsjerk binne freedtemoarn twa minsken ferwûne rekke. In man fan 61 út Burdaard en in frou fan 23 út Feanwâlden bestjoerden elk in auto, en botsten troch ûnbekende oarsaak tsjin mekoar oan.

Se binne beide nei it sikehûs ta brocht. De Westerdyk hat oerenlang ôfsletten west.

(Advertinsje)
(Advertinsje)