Stellerij en ravaazje by ynbraak yn tankstasjon De Blesse

08 sep 2017 - 09:29

Ynbrekkers ha tongersdeitenacht smokersguod stellen en in grutte ravaazje oanrjochte by in tankstasjon oan de Stienwikerwei op De Blesse. De wearde fan de stellen smokerij rint nei alle gedachten yn de tûzenen euro's. Dochs is neffens de eigener fan it tankstasjon de skea grutter as de bút.

De ynbrekkers ha mei in moker ien fan de glêzen doarren stikken slein om yn it tankstasjon te kommen. It soe gean om trije dieven. De plysje ûndersiket de ynbraak en sil de kamerabylden fan it tankstasjon besjen.

Trefwurden: 
ynbraak tankstasjon ravaazje
(Advertinsje)
(Advertinsje)