Kollum: "Basisskoalle"

08 sep 2017 - 08:34

"Der is nochal wat konsternaasje tusken âlden en learkrêften en ik ha foar beide kanten wol begryp. Ik tink dat de grinzen net mear dúdlik binne wêrtroch't guon âlden miene dat se it rjocht ha har oeral mei bemuoie te kinnen en learkrêften har net mear de baas fiele.

Doe’t ús âldste nei de basisskoalle gong, brocht ik him yn ‘e klasse en bleau ik efkes by him sitten. Dat diene se allegear dus ik tocht dat it normaal wie. Mar op in bepaald momint bin ik dêr mei opholden en ik fûn it in ergernis, al dy drokte moarns betiid. Us skoalle hie net sa’n grutte hal en as dêr dan memmen stiene te eameljen mei buggy’s derby dan koest dyn kont amper mear keare.

Letter mocht it net mear. Bern op skoalle bringe en dat wie it. Dúdlike grinzen en ophâlde mei dy flauwekul. Mar ik wit ek noch wol dat âlden ûnmisber wiene op skoalle. Se wiene der moarns om mei de bern te lêzen, rieden mei skoalreiskes en reedriden, holpen mei bordueren, fersierden de skoalle, makken de beukerklasse ien kear yn ’t jier skjin, âld papier, luzekontrôle, helpe mei toaniel, klasse-âlder en op it lêst kaam ek noch it fersyk om te helpen mei it knutseljen fan de lampions. Ik wit net hoe’t dat hjoed-de-dei is, mar sûnder de help fan de âlden koe de skoalle net en ús mem begriep dat net. Sy hoegden eartiids eins noait te helpen.

Ik sil net sizze dat eartiids alles better wie, mar wy hiene jierrenlang deselde leararen op de basisskoalle. In direkteur dy’t yn it doarp wenne en lesjoech en sa no en dan wie der ris in oar. Oersichtlik en dúdlik. Mar ik moat earlik sizze dat doe’t ús bern op de basisskoalle sieten, ik bytiden net mear wist hokker juf of master op hokker dei lesjoech. Sûnt ús direkteur, dy’t ek yn it doarp wenne, ôfskied naam, hawwe wy mannich oaren nei him hân en dy hawwe hjoed-de-dei ek noch de lieding oer mear skoallen. No wurde leararen ek wer fan boppen ôf oanstjoerd en foar har wie it ek frustrearjend mar je hiene der net mear alle fertrouwen yn.

Dat sa besjoen, is it gjin wûnder dat âlden har oppenearje. Oan ‘e oare kant is it ek net bêst dat learkrêften de taak fan opfieder krije omdat de bern op de foar- tusken- en neiskoalske opfang sitte en dêrom amper mear thús binne. De âlden hawwe it drok, dus wat is it dan maklik om de opfieding mar oan in oar oer te litten. Tiden feroarje, minsken feroarje mar tiid foar elkoar wurdt hieltyd krapper en tiid foar de bern hielendal, tink ik wolris.

Dochs hawwe de measte minsken neffens my gewoan ferlet fan struktuer en lieding. Mar de maatskippij is sa kompleks wurden dat der amper mear lju binne dy’t de ferantwurdlikheid nimme wolle om ek werklik dy lieding te jaan en yn te stean foar de konsekwinsjes. En hoe faak bliuwe minsken noch langer as 20 jier op itselde plak wurkjen? De measte learkrêften hjoed-de-dei net mear. Binne de bern einlings wend oan de juf of master, foardat se it witte stiet der wer in oar foar de klasse.

Wat der ek noch bykomt, is dat in soad âlden al fan groep 1 ôf yn ‘e stress sitte oft har bern wol goed skoart. Want o wee as se achter rinne en de skoares te leech binne. Mar op dizze manier skoare we seker gjin punten en ik rekkenje derop dat it allinnich mar slimmer wurdt, want;

Gjin lieding + stress = gaos."

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)