Dielnimmers kajakalvestêdetocht starte yn rein

08 sep 2017 - 08:16

Mei goed twahûndert kilometer is it de langste kanotocht fan Nederlân en dielnimmers komme fan fier om deroan mei te dwaan: de kajakâlvestêdetocht. Kanoferiening Onder De Wadden út Frjentsjer organisearret de tocht dit jier foar de fyftjinde kear. Om njoggen oere klinkt freed yn Frjentsjer it startskot foar de tweintich dielnimmers en dêrnei giet it rjochting Dokkum. De dielnimmers ha 36 oeren om de tocht lâns de alve Fryske stêden te folbringen. It waar sit de kajakkers diskear net mei, it reint flink.

Ien fan de inisjatyfnimmers fan de kajakalvestêdetocht is John Walta. Hy hat de tocht al tolve kear folbrocht en sit no yn de organisaasje. Walta fynt it skande dat it freed reint. It ideale waar is neffens him: "Liefst niet te warm, maar droog is ook wel heel plezierig. Als je handen nat worden, is er kans op blessures. Je krijgt blaren."

Mar it swierste fan de tocht is neffens Walta dat de kajakkers non-stop troch moatte. "Het moeilijkste is vooral dat het slaapgebrek je 's morgens opbreekt. In de nachtelijke uren ga je over de meren heen richting Stavoren, rond een uur of zes 's morgens. Dan merk je gewoon dat je al de hele dag bezig bent en niet hebt geslapen. Het eten begint je ook op te breken, want je hebt toch een warme maaltijd overgeslagen."

Trefwurden: 
rein kajak Alvestêdetocht
(Advertinsje)
(Advertinsje)