Auto klemriden en arrestaasjes op Skrâns Ljouwert
De plysje fan Ljouwert hat tongerdeitejûn op de Skrâns mei lutsen pistoalen twa manlju oanhâlden. De auto fan de twa manlju waard klemriden en de mannen waarden troch de plysje opdroegen om mei de hannen boppe de holle út te stappen.
Der wiene meardere plysje-auto's en plysjeminsken belutsen by de aksje, mar it is op dit stuit net dúdlik wêrom't de manlju oanhâlden waarden. Omstanners wiene flink ûnder de yndruk, foaral omdat de plysjeminsken warskôgen dat se echt sjitte soene as de manlju har bewege soene.