Drachtster learaar mooglik mbo-dosint fan it jier

07 sep 2017 - 22:20

Conrad Berghoef makket kâns om mbo-dosint fan it jier te wurden. Hy jout Nederlânsk op it ROC Friese Poort, lokaasje Zorg en Welzijn, yn Drachten. Hy sit by de lêste trije nominearden, omdat er mei gebrûk fan sosjale media goed oansluting wit te finen by de learlingen. Sa hat er in eigen YouTube-kanaal en Facebookpagina, dêr't er útlis jout oer de lesstof.

Help, ik zit in de zorg

Yn it ôfrûne jier hat Berghoef twaddejiers-studinten ferpleechkunde stimulearre om harren earste ûnderfining yn de soarch op te skriuwen. De ferhalen binne útbrocht yn it boek 'Help, ik zit in de zorg'.

De ferkiezing Leraar van het Jaar is in inisjatyf fan de Onderwijscoöperatie. Op in leararekongres op sneon 7 oktober sil bekend wurde wa't de winner wurdt. De dosinten fan it jier binne in jier lang ambassadeur fan harren sektor, wêrby't se harren ynspiraasje diele meie mei kollega's.



(Advertinsje)
(Advertinsje)