Waakse hûn lit helpferlieners net ta by bazin

(fotofoarbyld, dit is net de hûn fan it berjocht) © Omrop Fryslân
In waakse hûn hat der tongersdeitemiddei foar soarge dat in frou dy't net goed wurden wie dreech holpen wurde koe. Dat wie oan de Jacob Binckesstrjitte yn Ljouwert. De hûn liet net ta dat de helpferlieners by de frou kamen.
Uteinlik slagge it om it bist fuort te lokjen en koe de frou mei de ambulânse nei it sikehús brocht wurde.