Priis foar Fryske camping yn Sweden

De Fryske famylje Schreiber (Meine, Willy en soan Tsjeard Jan) runt al njoggen jier in camping yn de Sweedske provinsje Värmland. Yn dy jierren hawwe se de camping hieltyd fierder foarmjûn en opboud. Dat hat as resultaat hân dat se yn de provinsje útroppen binne as bêste bûtenlânske ûndernimmer. "De kroan op ús wurk fan njoggen jier", sa fine se. De priis betsjut neist in jildbedrach foaral publisiteit. En se gean no troch nei de lanlike finale, dêryn nimme se it op tsjin 15 oare bedriuwen. Neffens de sjuery blinkt it bedriuw út yn de útstrieling yn de regio, harren aktiviteiten ha in posityf effekt op de regionale ekonomy.