Man oppakt foar stellen overalls op boerepleats

07 sep 2017 - 21:50
(fotofoarbyld) - Foto: ANP

De plysje hat tongersdei in 27-jierrige man oanhâlden, omdat hy derfan fertocht dat er overals stellen hat by in boer. De man waard fûn op in bankje by de tegeltsjebrêge by Miedum. Neist him leine nije overals. Dy sieten noch yn de ferpakking. De man koe net útlizze wêr't dy weikamen.

Undersyk makke dúdlik dat earder dy moarn in man fuortstjoerd wie by in pleats yn de buert. Dúdlik waard dat de overals dêr stellen wiene.

Trefwurden: 
overall
(Advertinsje)
(Advertinsje)