Terherne benaud foar frachtfeart, skipsterminal by Grou

Pleatslik Belang Terherne hat noed oer de takomst fan de wetterrekreaasje yn it plak. Dat komt troch de plannen dy't Provinsje Fryslân mei de beropsfeart hat. Sa moat der in opwurdearing komme fan it trajekt fan Terherne nei It Hearrenfean. Pleatslik Belang Terherne is benaud dat dêrtroch in soad grut frachtferkear by de rekreaasjefeart fan Terherne delfarre sil.
Terminal by Grou
Om derfoar te soargjen dat der net te folle frachtferkear troch Terherne komt, wol Pleatslik Belang dat der in terminal komt oan it Prinses Margrietkanaal by Grou. Mei in goede laad- en losfoarsjenning kinne frachtweinen it ferfier nei It Hearrenfean dwaan en hoecht it grutte frachtferkear net troch Terherne te farren. De rekreaasjefeart fan Terherne hat yn dat gefal dan ek gjin lêst fan de grutte frachtskippen.
Neffens Marco Westhuis fan Pleatslik Belang Terherne sil in nije terminal by Grou sawat 5 miljoen euro kostje, mar hawwe bedriuwen op It Hearrenfean der ek profyf fan. "Het is voor de vrachtwagens maar een klein stukje verder rijden, maar ze kunnen wel beter bediend worden door de schepen die vaker willen komen. Dus eigenlijk worden ze er ook beter van."