Feroarsaker deadlik ûngelok Jirnsum net yn heger berop

07 sep 2017 - 20:46
It gerjochtshôf yn Ljouwert - Foto: ANP

De advokaat fan de jonge dy't yn april 2016 in deadlik ûngelok feroarsake hat by Jirnsum giet net yn heger berop tsjin de útspraak fan it gerjochtshôf. De fertochte is yn augustus feroardiele ta in finzenisstraf fan seis moanne, wêrfan fiif ûnder betingst en in taakstraf fan 240 oeren. Hy is ek syn rydbewiis foar trije jier kwyt. It hôf fûn dat bewiisd is dat de fertochte sa ûnfoarsichtich riden hie dat dêrtroch in famke fan 15 dat by him yn de auto siet, omkommen is. De jongeman waard frijsprutsen fan roekeleas riden.

De fertochte wie teloarsteld yn it feit dat him in finzenisstraf oplein is, mar hy sjocht ek wol yn dat dy folle leger is as de eask fan it Iepenbier Ministearje fan 14 moanne selstraf. De fertochte begrypt ek dat de neibesteanden en de slachtoffers graach wolle dat der in ein oan de strafsaak komt. Hy sjocht dêrom ôf fan in heger berop. As it Iepenbier Ministearje ek dêrta beslút, is de útspraak definityf.

De folsleine motivaasje fan de ferdigening fan de fertochte om net yn heger berop te gean stiet op de webside fan advokatekantoar Anker & Anker.

(advertinsje)
(advertinsje)