Aldlânsfiadukt no al ôfsletten fanwege sloop Drachtsterbrêge

It Aldlânsfiadukt yn Ljouwert dat ûnder de Drachtsterdyk leit, is tongersdeitemiddei al ôfsletten. Dat soe oars sneon dien wurde, mar troch de sloopwurksumheden fan de Drachtsterbrêge is it net mear fertroud om it fiadukt te brûken.
It autoferkear moat omride oer de Aldlânsdyk. Foar fytsers en fuotgongers is der in oare omlieding. De omliedings duorje oant en mei freed 15 septimber.