Finzenisstraf asylsikers Balk foar fjochterij

07 sep 2017 - 20:22
Foto: Omrop Fryslân

Twa eardere bewenners fan it asylsikerssintrum Balk dy't mei-inoar op de fûst gien wiene, binne troch de rjochter feroardiele ta finzenisstraffen. De ynsidinten wiene yn maaie fan dit jier.

In 35-jierrige Libiër moat in moanne de sel yn. Hy hat in oare bewenner yninoar slein, neidat dy him oansprutsen hie op pisjen bûtendoar. It slachtoffer hie dyselde dei in oare bewenner fan it azc mei in mes bedrige en ferwûne oan de earm, en noch in oare man mishannele. Hy moat twa moanne de sel yn.

(advertinsje)
(advertinsje)