Hjerbeam hat earste selsbetelle Buurtmolen fan Nederlân

© Janny Dijkstra
It doarpke Hjerbeam tusken Harns en Frjentsjer belibbet in lanlike primeur. Dêr komt nammentlik de earste wynmûne fan de Buurtmolen dy't folslein betelle is mei mienskipsjild. It giet om in bedrach fan 630.000 euro, dat troch goed twahûndert ynvestearders opbrocht is.
De koöperative Buurtmolen biedt alle omwenners de mooglikheid om duorsume stroom te brûken. Ien mûne leveret genôch stroom foar sa'n fiifhûndert húshâldens.