Liger yn auto

28 okt 2011 - 19:24
Foto: Omrop Fryslân

Op de Emmakade yn Ljouwert hat de plysje freedtemiddei in man fan 46 út dy stêd oanhâlden. De Ljouwerter ried yn in ûnfersekere auto, wêrfan't de APK ferrûn wie. Ek liigde er oer syn namme en leeftiid.

Ut ûndersyk hat bliken dien dat de man de ôfrûne fiif jier al tsien kear betrape is foar it riden sûnder rydbewiis. Syn auto is yn beslach nommen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)