Gerard Cox: "Op syn Frysk wie Rients it leukst"

07 sep 2017 - 18:50

“Rients Gratama was een bijzondere man”, seit Gerard Cox yn reaksje op de dea fan Rients Gratama. Cox fertelt dat er troch Gratama yn in oare wrâld terjochte kaam. Yn dy tiid wenne Gratama noch op in pleats yn Burdaard en der repetearren se. "Een fantastische tijd", seit Gerard Cox.

Gratama naam Cox simmerdeis mei nei de PC op it Sjûkelân yn Frjentsjer. Mar hy mocht ek graach by Cox yn Rotterdam wêze. "Hij was een liefhebber van de stad. Dus dat was een bredere samenwerking dan alleen maar een programma spelen," seit Cox.

Gjinien op strjitte

Cox hat letter ek by Gratema syn Fryske programma's west. Dan luts er 'syn Fryske fel oan", sa't Cox it údrukt. Dêr seach Cox dat Gratema yn it Frysk op syn leukst wie. En it publyk fûn it machtich. Hy spile op syn toernees hiele Fryske doarpen leech. "Dan was er op zo’n avond in die dorpen niemand thuis. Die zaten allemaal bij hem in de zaal. Daar had ik grote bewondering voor."

Rust in vrede

Wat Cox fan Gratama leard hat, is it wurk te relativearjen. Moatst it net te serieus nimme en de grap derfan ynsjen, alhoewol't Gratema syn wurk tagelikertiid ek tige serieus naam.

"Het meeste missen zal ik zijn vriendschap", seit Cox. Der binne net safolle kollega's dy'tst opbelje kinst as earne mei sitst en dy''t om goeried freegje kinst. Dat is no fuortfallen. "Ik hoop dat hij rust in vrede.”

Weromrop.nl sjocht werom op Rients Gratama

Op www.weromrop.nl, de website mei it fideo-argyf fan Omrop Fryslân, binne ferskate útstjoerings mei en oer Rients Gratama werom te sjen. Lykas it iepenings- en slotkonsert fan Simmer 2000, in ôflevering fan Van Tuinen Thús en in trijelûk út 1997 oer de karriêre fan Rients.

Trefwurden: 
Gerard Cox Rients Gratama
(Advertinsje)
(Advertinsje)